Sulveren skaal dûkt wer op

05 jan 2011 - 12:08

In bysûndere sulveren skaal is werom yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. De 200 jier âlde skaal waard nei alle gedachten seis jier lyn stellen. De stellerij waard pas ûntdutsen doe't de skaal op de ynternetside fan it feilinghûs yn Drylts stie. Doe kaam it bestjoer fan de tsjerke derachter dat de skaal net mear yn de klûs lei.

De skaal waard te keap oanbean troch in frou. Se hie him op de rommelmerk yn Apeldoarn kocht foar 1.50 euro. De skaal is goed 800 euro wurdich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)