Slagge burgernetaksje yn Snits

05 jan 2011 - 10:38

De plysje hat tiisdeitejûn in burgernetaksje start om in man (41) út Snits op te spoaren. De man wie fuortgien út in ynstelling, mar hie medisinen nedich en dêrom waard de plysje warskôge.

Fia burgernet waard oproppen nei de man út te sjen en dat hie resultaat. Minsken melden al gau dat se him sjoen hiene op de Ljouwerterdyk. Even letter wie de man werom yn de ynstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)