Plysje pakt jonge dieven op

05 jan 2011 - 10:24

De plysje hat tiisdei yn Ljouwert twa famkes oanhâlden fanwege winkelstellerij. Ien fan har, in famke fan 14 jier, koe yn de winkel op de Lieuwenburg sels al oppakt wurde.

It oare famke, fan tolve, naaide út. Op oanwizing fan tsjûgen koe se koart dêrnei ek oanhâlden wurde. Se fersette har sa bot, dat in plysje ferwûne rekke. De bern binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)