Plysje siket tsjûgen oerfal

05 jan 2011 - 09:51

De plysje siket de bestjoerder fan in bestelauto. Dy bestelauto is op De Gordyk oanriden troch in persoanewein. Dat wie op de freeds yn de hjerstfakânsje, moarns tusken 7.30 en 7.45 oere. De ynsittenden fan de persoane-auto binne mooglik belutsen by in oerfal. Dy wie dyselde freeds op in bannerecyclingbedriuw op De Gordyk.

De auto ried fan de Leitswei troch in grienstrook en kaam sa op de Overtoom. Dêr ried er nei alle gedachten tsjin de bestelauto oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)