Wer staking by glêsfabryk AGC

Byld fan in eardere staking
Meiwurkers fan it glêsfabryk AGC yn Easterwâlde staakten ferline jier al fjouwer kear, mar dat helle neat út. En dus stake se woansdei 5 jannewaris foar de fyfde kear. Underhannelings oer in nije CAO brocht de meiwurkers en harren bazen amper tichter byelkoar. En dus lizze dy meiwurkers it wurk wer del.
Dat dogge se fan 12 oant 5 oere. It grutte striidpunt tusken fakbûnen en direksje is de regeling foar fleksibel wurkjen.