Miljoen foar toeristesektor

04 jan 2011 - 17:34

De provinsje hat in miljoen euro klearlizzen foar toeristyske ûndernimmers dy't yn har bedriuw ynvestearje wolle. Undernimmers yn dy sektor kinne fan 17 jannewaris ôf subsydzje oanfreegje.

It jild kin brûkt wurde om it bedriuw miljeufreonliker, duorsumer of better tagonglik te meitsjen. Sels de kosten fan arsjitekt of adviseur komme foar subsydzje yn de beneaming. De ôfrûne twa jier krigen 118 bedriuwen jild fan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)