Fabryk jout huzen stroom

04 jan 2011 - 17:30

In fabryk fan FrieslandCampina sil aanst 11.000 hûshâldens yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen fan waarmte foarsjen. De restwaarmte fan it fabryk dat twa kilometer fan de wyk ôf stiet, giet fia it waarmtenet nei de huzen ta.

It projekt is de earste stap yn de oanlis fan in waarmtenet foar de hiele stêd. De mooglikheid dêrfoar ûntstie omdat it stedsferwaarmingssysteem fan Essent ferfongen wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)