Lessen yn houtseagjen

04 jan 2011 - 15:49

Steatsboskbehear hâldt ek dit jier spesjale ynformaasjebyienkomsten foar minsken dy't sels hout seagje wolle yn de bosken. Hieltyd mear minsken komme nei de bosken om sels mei de kettingseage oan de gong te gean. Neffens Steatsboskbehear giet dat noch wolris ferkeard.

By de gearkomsten wurdt útlein hoe't de minsken mei de seage omgean moatte en hokker klean se oan ha moatte. Ek krije de minsken útlis oer hokker beammen se omseagje meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)