Gjin útspraak saak-Sint Anne

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei gjin útspraak dien yn de saak tsjin in 61-jierrige man út Sint Anne. Twa wiken lyn waard 6 jier selstraf tsjin him easke foar it feroarsaakjen fan in eksploazje yn it hûs fan syn eks-frou.
Twa huzen oan de Jakkele Weidemastrjitte yn Sint Anne rekken slim skansearre. De man wurdt ferwiten dat er nachts nei it hûs fan syn frou gien is. Hy soe benzine troch de brievebus getten ha, wêrtroch't de eksploazje ûntstie.