F16 falt foaroer troch botsing

By in ûngelok op de fleanbasis yn Ljouwert is ôfrûne freed in F16 skansearre rekke. It fleantúch siet oan in trekker fêstkeppele. In brânwachtwein botste troch noch ûnbekende oarsaak op de trekker. Troch de oanriding klapte it noastsjil yn en foel de F16 foaroer.
Yn de strieljager siet in man, mar it is net dúdlik oft dy ferwûne rekke is. Undersyk troch definsje sil útwize moatte hoe't it ûngelok barre koe.