30 moanne sel foar fjoerwurk

04 jan 2011 - 14:32

De rjochtbank yn Ljouwert hat in man fan 48 jier út dy stêd ta 30 moanne selstraf feroardiele. De man hie yn in loads yn Snakkerbuorren 7000 kilo profesjoneel fjoerwurk opslein. De rjochtbank rekkene de man swier oan dat er de gefaarsaspekten fan de yllegale opslach negeard hat.

De Ljouwerter hie ek in legale fjoerwurkhannel. Hy hie it guod út Poalen wei ymportearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)