Luirink by Cambuur

Gijs Luirink hat tiisdei foar it earst mei traind by Cambuur. De sintrale ferdigener is troch de Ljouwerters foar in sacht pryske hierd fan AZ. Luirink kaam earder út foar Volendam en FC Grins.
Luirink is helle foar in posysje yn it sintrum fan de ferdigening. Hy kaam by AZ net oan spyljen ta en hie syn sinnen set op in ambisjeuze klup út de Jupiler Leaque. Cambuur oefenet tongersdei tsjin ONS-Sneek en sneon yn Hardenberg tsjin HHC.