Snitsers ûntsnappe oan de dea

04 jan 2011 - 12:18
  • Magda Scheltema en Menno Tigchelaar

Twa fakânsjegongers út Snits binne oan de dea ûntsnapt op de Filipinen. Ofrûne snein woene Magda Scheltema en Menno Tigchelaar mei op in boat nei in oar eilân ta, mar dy begûn te sinken. De bemanning fan it skip sei dat alle ynsitters har sels rêde moasten en se krigen rêdingsfesten.

Goed 30 opfarders hawwe oeren yn de stoarm op it wetter sitten. Uteinlik hat in fiskersboatsje alle minsken nei in eilân tabrocht. De twa Snitsers sitte noch oant freed op de Filipinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)