Groei ynwennertal Skier

04 jan 2011 - 11:09

It tal ynwenners fan Skiermûntseach is foar it earst sûnt jierren wer groeid. Jierrenlang sakke it tal ynwenners stadich fierder, mar fergelike mei 1 jannewaris 2010 wenje der op Skier no 16 minsken mear.

Boargemaster Bert Swart tinkt dat de groei benammen te tankjen is oan de nije wenten dy't boud binne. Om de krimp te kearen waard fan't simmer in aksjedei hâlden en koene minsken komme te proefwenjen op it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)