Jan Bosgra nij lid fan de PC

03 jan 2011 - 20:13

Jan Bosgra wurdt de nije ponghâlder fan de Keninklike Permanente Commissie, dy't alle jierren de belangrykste keatswedstriid yn Frjentsjer organisearret. Bosgra nimt de funksje oer fan Johan Dijkstra, dy't yn april ôfskied nimt fan de PC. Omdat Dijkstra 70 jier wurdt moat er ôfskied nimme fan de PC.

Bosgra komt fan Frjentsjer en sil him neist de sinteraasje ek dwaande hâlde mei taken lykas it tawizen en de distribúsje fan tribunekaarten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)