Nominaasje winkelstrjitten

03 jan 2011 - 19:01

Twa Ljouwerter strjitten sitte by de lêste fiif fan de wedstriid om de leukste winkelstrjitte fan Nederlân. It binne de Lytse Tsjerkestrjitte en de Sint Jacobstrjitte. De striid giet om de NLstreets-award en de winner wurdt bepaald troch it winkeljend publyk.

Doel fan 'e wedstriid is oandacht te freegjen foar de posysje fan selsstannige ûndernimmers. Der kin noch oant de ein fan jannewaris stimd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)