Gedoch oer ferdieling Waadfûns

03 jan 2011 - 18:55

De Raad voor de Wadden fielt der neat foar dat de Waadprovinsjes it jild út it Waadfûns folslein ferdiele. Dat skriuwt de Waadried yn in brief oan minister Schultz van Haegen fan ynfrastrukteur en miljeu.

It kabinet wol dat it Waadfûns desintralisearre wurdt. De Raad voor de Wadden is benaud dat as provinsjes sels it jild ferdiele meie, sy net mear nei projekten sjogge dy't alle Waadprovinsjes oangean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)