Hast 900 teams by toernoai

03 jan 2011 - 18:38

De KNVB-noard is hiel tefreden oer it krysttoernoai dat se de ôfrûne wiken hâlden hat yn de Fryske sporthallen. Meielkoar hawwe 863 jeugdteams meidien, fan A-junioaren oant en mei E-pupillen.

Yn ferskate pûls is der striden om in plakje yn de finale, dy't no sneon spile wurdt yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. Dan wurdt bekend hokker teams de bêste sealfuotbalteams fan Fryslân binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)