Teehûs Noarderbegraafpl. ticht

Stifting it Teehûs yn Ljouwert makket fan 1 jannewaris ôf net mear gebrûk fan de aula op it Noarderbegraafplak. Der is ûnienichheid tusken de behearders en de frijwilligers fan de stifting. Elke snein komme dy frijwilligers nei de aula sadat besikers fan it begraafplak dêr even sitte kinne en har ferhaal kwyt kinne.
Doel wie dat de stifting in jier lyn al syn eigen gebou krije soe op it terrein, mar dy is wierskynlik pas yn de maitiid klear.