Wolvegeasters foar rjochter

03 jan 2011 - 14:04

Op de spesjale snelrjochtsitting fan de Ljouwerter rjochtbank kommende freed moatte fjouwer Wolvegeaster foarkomme. By de âld-en-nijfiering yn Wolvegea moast de Mobile Ienheid ynset wurde om in ein te meitsjen oan ûngeregeldheden.

Ien fan de fjouwer Wolvegeasters, in man fan 19 jier, wurdt fertocht fan geweld tsjin in plysjeman. Hy sit noch fêst. Trije oaren, twa fan 19 en ien fan 20, binne oppakt foar mislediging. Sy binne frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)