Farferbod tiisdei ynlutsen

03 jan 2011 - 12:27

Fan tiisdei ôf wurdt it farferbod op trije wichtige farwegen yn ús provinsje wer ynlutsen. It giet om de farwei nei Drachten, it Johan Frisokanaal en it Van Harinxmakanaal oant de yndustrybrêge by Harns.

Op oare plakken jildt it farferbod noch wol, útsein it PM- en Van Harinxmakanaal, de eastlike en westlike ynfeart fan Ljouwert, de farwei nei it Hearrenfean en de Houkesleat en de oanlizzende yndustryhavens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)