Frou botst tsjin beam
In 20-jierrige automobiliste út Donkerbroek is sneintejûn licht ferwûne rekke doe't se yn har wenplak mei de auto tsjin in beam botste.
Op de Hearewei rekke de frou yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt, nei alle gedachten troch de glêdens. Se hie lichte ferwûnings oan har hân en nekke en koe op it plak sels behannele wurde.