Himpkwekerij Ljouwert oprôle

03 jan 2011 - 10:55

De plysje hat snein yn de Noordvlietstrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij ûntmantele. Se troffen in 40-jierrige man op strjitte oan dy't nochal yn 'e war wie. Doe't se him nei hûs brochten fertelde er dat er op de boppeferdjipping in himpkwekerij hie. De plysje fûn dêr 200 planten. Ek de stroom waard yllegaal ôftape.

De man is oanholden en foar ûndersyk oerbrocht nei it plysjeburo. Hy is dêr earst troch in GGD-arts ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)