Mishanneling mei gitaar

De plysje hat sneontenacht in jonge fan 18 jier yn Feanwâlden oanholden. Hy hie op in feest in jonge fan 16 jier mishannele mei in gitaar. Mei dat ynstrumint soe op it feest muzyk makke wurde.
De oanlieding fan de slaanderij is ûndúdlik. It slachtoffer krige troch de klap letsel oan syn ear en moast nei it sikehûs. Ut ûndersyk moat bliken dwaan oft er bliuwende skea oan syn trommelflues oerhâldt.