Hûs by Minnertsgea yn de brân

(Foto: Remco de Vries)
De brânwacht is sneintejûn yn aksje kaam foar in útslaande brân oan de Lange Dyk by Minnertsgea. It gong om in houten hûs. De bewenners binne der feilich útkaam. Ek binne der fiif hûnen, acht katten en in slang rêden.
De brân wie dreech út te krijen omdat it gebou út in soad lytse romten bestie. Der is besocht om it part fan it hûs dêr't wenne waard te behâlden. Der binne ûnder mear korpsen ynset út Sint Anne, Frjentsjer en Menaam.