Twa taksysintrales fallyt

02 jan 2011 - 16:54

De taksysintrales Súdwest Fryslân en Noardwest Fryslân binne fallyt. De rjochtbank yn Ljouwert spruts dat fallisemint flak foar de jierwiksel út. Der wurkje sa'n 160 minsken by it bedriuw. De measte minsken wurkje der as parttimers.

Oarsaak is it fuortfallen fan in tal grutte klanten lykas Talant. Kurator Robert Verdonk hat mei de bedriuwslieding ôfpraat dat de taksys de kommende wike wol ritten dogge. Verdonk praat moandei oer in trochstart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)