N31 ticht om reparaasje

02 jan 2011 - 16:27

Op de N31 wie sneintemiddei de dyk ôfsletten yn ferbân mei in spoedreparaasje oan de fangrail. It giet om in stik fan 60 meter fangrail tusken Kimswert en Harns. De oarsaak fan de beskeadiging wie in ûngelok earder sneintemoarn.

Ferkear waard ûnder de seedyk omlaat. De reparaasje is om trije oere begûn en soe neffens Rykswettersteat om goed healwei seizen dien wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)