Apotheker kiest amtsketting

01 jan 2011 - 17:56
  • Apotheker hat in nij amtsketting (foto Remco de Vries)
  • (foto Remco de Vries)

Hayo Apotheker sil salang hy waarnimmend boargemaster fan Súdwest-Fryslân is it amtsketting fan de âlde gemeente Starum brûke. Apotheker brûkte de ketting op nijjiersdei foar it earst yn Starum by de iepening fan de festiviteiten fan it 950-jierrich bestean fan de stêd Starum.

Apotheker hat foar it keatling fan Starum keazen omdat Starum de âldste stêd fan Súdwest-Fryslân is. In seal foar Starumers reagearre op nijjiersdei entûsjast op it nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)