Wente De Westereen útbaarnd

01 jan 2011 - 14:53
  • Der wie foar de brânwacht gjin hâlden oan (foto: Henk Koster, 112 NOF)

By in útslaande brân is op nijjiersmoarn in sloopwente oan de Foarstritte yn De Westereen folslein útbaarnd. De brân waard ûntdutsen troch foarbijgongers, dy't fuortendaliks de brânwacht bellen.

Troch de stevige wyn wie der foar de brânwacht gjin hâlden oan. Doe't de brânwacht der oankaam stie it hûs al hielendal yn brân. De oarsaak fan de brân is op dit stuit noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)