Fjoerwurk: mear foarljochting

© Omrop Fryslân
Ambulânsetsjinsten Fryslân pleitsje foar mear en bettere foarljochting oer it gefaar fan fjoerwurk oan bern. Under de 59 fjoerwurkslachtoffers yn Fryslân wiene de ofrûne nacht acht bern tusken de 7 en 12 jier. Wurdfierder Kielstra fan de Ambulânsetsjinsten hat gjin idee hoe't it kin dat relatyf safolle bern ferwûne rekke binne.
Ek is der gjin oanwiisbere reden dat it tal slachtoffers fan fjoerwurk yn ien jier fan 10 nei 59 omheech gien is.