Gaslek yn Jorwert

Yn Jorwert is yn it sintrum fan it doarp sneontemoarn betiid in gaslek ûntstien yn de Sluytermanwei. Om't de brânwacht net gelyk ûntdekke koe wêr't it gas krekt weikaam binne acht huzen ûntromme. Foar de bewenners is in oar sliepplak opsocht.
It gaslek waard ûntdutsen troch in ynwenster fan it doarp dy´t in sterke gaslucht út in rioelputsje rûkte. Sy warskôge yn it kafee oare ynwenners dy´t dêr âld en nij fierden. De oorsaak fan it lek is noch ûnbekend.