Sietske H. 3 op ynternetlist

31 des 2010 - 15:53

Ut ûndersyk fan de persoanesykmasine Wieowie.nl docht bliken dat Sietske Hoekstra nûmer trije is op de list fan persoanen dy't it meast op ynternet opsocht binne yn 2010. Sietske Hoekstra wurdt derfan fertocht har fjouwer poppen ombrocht te hawwen. Dy waarden yn augustus dit jier by har thús yn Nij Beets op 'e solder fûn.

Nûmer ien op de list stiet Sander Vreeswijk, de moardner fan Millie Boele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)