Swierferwûne by karbidsjitten

By it karbidsjitten yn Donkerbroek is in 15-jierrige jonge út dat plak swierferwûne rekke. It slachtoffer hie mei noch trije jonges in molkbus op de kop set, mei it lid op de grûn. Yn de molkbus siet karbid en fan ôfstân waard dat oanstutsen troch mei fjoerwurk op de bus te smiten.
It gie mis op it momint dat it slachtoffer mei de fjoeroanstekker yn de buert fan de bus de boel oanstekke woe. Hy krige de molkbus dêrby fol tsjin de holle oan.