Frou ûnder bêd weihelle

Op De Jouwer is tongersdeitenacht in 27-jierrige frou út dat plak ûnder in bêd weihelle dêr't se har ferstoppe hie foar de plysje. De frou hie mei tefolle drank op in oanriding feroarsake op De Warren. Dêrnei wie se fuortriden.
In tsjûge hie it kenteken fan har auto opskreaun en belle de plysje. Dy fûn de auto in eintsje fierderop yn de strjitte. It die bliken dat de bestjoerster ergens yn 'e hûs gien wie.