Grouster twa kear oanholden
De plysje hat tongersdeitenacht yn Snits twa kear in 19-jierrige jonge út Grou oanholden, omdat er mei drank op achter it stjoer siet. Plysjes seagen de jonge yn syn auto oer de Middelseeleane riden. Doe't er de plysjes seach, naaide er út.
De plysjes koene him oan de kant krije en ha him meinaam nei it buro foar in blaastest. Hy krige in proses-ferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje. Tsjin seizen seagen de plysjes de jonge wér riden, sûnder rydbewiis.