Tips mishanneling Sweagerbosk

By de plysje binne freed inkele tips binnenkommen oer de swiere mishanneling yn Sweagerbosk. Yn dat doarp waard moandei in frou fan 34 jier by har wenning slein en skopt. Neffens de plysje is de tastân fan it slachtoffer, dat yn it sikehûs leit, noch altyd soarchlik.
Op dit stuit ûndersykje resjersjeurs de ynformaasje yn de tips. Minsken dy't wat witte oer de mishanneling wurde frege om kontakt mei de plysje op te nimmen.