Brân yn pleats De Falom

By in brân freed yn in pleats oan de Mûnewei yn De Falom, is asbest frijkaam. It asbest is yn it lân achter de pleats telâne kaam en wurdt sa gau mooglik opromme. Neffens de plysje is der gjin gefaar foar de folkssûnens, mar minsken meie net yn it lân komme.
Jongeren dy't oan it karbidsjitten wiene, ûntdekten de brân en warskôgen de bewenners fan de pleats. Ek koene sy it fee op 'e tiid út de stâl helje. De hynders en skiep mankearren neat.