Hurde oanpak by jierwiksel

31 des 2010 - 11:31

Justysje sil hurd optrede tsjin minsken dy't mei de jierwiksel yn de fout gean. Wêr mooglik sille fertochten fêstset wurde yn ôfwachting fan har rjochtsaak. Op 7 jannewaris stiet in snelrjochtsitting pland. Ein maart is der in sitting foar saken dy't te yngewikkeld binne om fia it snelrjocht ôf te hanneljen.

Justysje sil ek hegere straffen easkje as gewoanwei. It IM wol sa it sinjaal ôfjaan dat gewelddiedich gedrach net tolerearre en fuort oanpakt wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)