Ekskús Skylger oan buorman

31 des 2010 - 11:24

Skylger Jan Atsma biedt yn it wykblêd de Terschellinger fan tongersdei yn in grutte advertinsje ekskús oan alle Skylgers oan. Hy seit dat er spyt hat dat er syn buorman in klap jûn hat. Atsma's buorman is CDA-riedslid Hendrik Klaas van der Wielen.

Beide ha al skoften spul mei elkoar oer de bou fan in simmerhûs. Ferline wike eskalearre dat en gie Atsma by syn buorman yn 'e hûs om ferhaal te heljen. Hy hat der spyt fan dat dêr klappen by fallen binne, skriuwt er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)