Kontenerbrantsjes yn Ljouwert

31 des 2010 - 10:56

Unbekenden hawwe tongersdeitenacht yn Ljouwert santjin konteners yn de brân stutsen. De brantsjes wiene allegearre yn de Vosseparkwyk yn de stêd. Kliko's yn ûnder oare de Hanzerstrjitwei, de Eestrjitte en de Ruysbroekstrjitte wiene it doel.

De plysje tinkt dat it baldiedige jongeren west hawwe dy't de ôffalkonteners yn 'e brân stutsen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)