Minder oanhâldings fjoerwurk

31 des 2010 - 09:13

Dit jier wurde der folle minder jongeren oppakt mei fjoerwurk as oare jieren. Dat docht bliken út de sifers fan buro Halt, dêr't de jongeren troch de plysje nei troch ferwiisd wurde. Waarden der ferline jier oant en mei 30 oktober 25 minsken oppakt, dit jier binne dat der mar tsien.

Neffens direkteur Rinzema fan Halt is it te fernimmen op strjitte dat it folle rêstiger is. In ferklearring dêrfoar hat er net, mar it soe ûnder oaren mei de kjeld te krijen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)