Deadlik ûngelok by Strobos

30 des 2010 - 18:44

By Strobos is tongersdei oan de ein fan de middei in automobilist om it libben kaam. De bestjoerder rekke troch de glêdens op it Hoendiep fan de dyk en botste tsjin in beam. Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Oeral yn de provinsje moat rekken hâlden wurde mei glêde diken troch izel. By de plysje binne al ferskate meldings binnenkaam oer kuierders en fytsers dy't fallen binne. De measte oerlêst is yn it easten en noardeasten fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)