Guon WTC-beurzen nei Súdlaren
In diel fan de minder drok besochte beurzen fan it WTC Expo yn Ljouwert geane yn de takomst nei De Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren. Mei dizze tasizzing komt der in ein oan in lang duorjend konflikt tusken de beide beurzen.
De earste beurs dy't hâlden wurde mei yn Súdlaren is de Oldtimerbeurs. Grutte beurzen lykas Boot Holland, Caravana en Vrouw bliuwe yn Ljouwert.