Gijs Luirink nei Cambuur

Gijs Luirink mooglik nei Cambuur
Fuotballer Gijs Luirink fan AZ sil nei alle gedachten de rest fan it seizoen foar Cambuur útkomme. De ferdigener fan de Alkmaarders krige koartlyn te hearren dat it better is dat hy op syk giet nei in oare klup.
De kâns is grut dat Luirink him no moandei al melde sil yn Ljouwert. It is noch net dúdlik of Gijs Luirink komt op hierbasis of kocht wurdt.