SWF-kolleezje mei 3 Snitsers

30 des 2010 - 12:08
  • De kandidaat-wethâlders fan SWF
  • Presintaasje fan de fiif wethâlders (foto: Remco de Vries)

It nije kolleezje fan de gemeente Súdwest Fryslân sil bestean út Maarten Offinga en Gea Akkerman foar it CDA, Andries Ekhart en Wigle Sinnema foar de PvdA en VVD'er Leo Pieter Stoel. Offinga wurdt ek de loko-boargemaster. Trije fan de fiif wethâlders komme út Snits.

De FNP is ûnder mear ôffalen omdat tocht waard dat de VVD ekonomysk en finansjeel in bettere partner wie. Yn it koalysjeakkoart stiet dat bot ynset wurdt op it meidwaan fan de boargers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)