Boete foar baldiedige jonges

De plysje hat ôfrûne nacht fjouwer jonges oanholden foar baldiedigens. It giet om twa Jousters fan 17 en 18 jier, in 16-jierrige jonge út Broek en ien fan 17 út Sniksweach. De plysje seach de jonges op 'e Jouwer mei guod oer strjitte slepen.
It die bliken dat ûnder oare in túnbank, in reklameboerd en in fytserek út de tunen fan wenningen en bedriuwen helle hiene. Neidat de jonges in boete krigen hiene, brochten se it guod werom.