Gjin fúzje Friesland-Achmea

30 des 2010 - 10:02

De plande fúzje tusken soarchfersekerder De Friesland en Achmea op 1 jannewaris giet net troch. Der is nammentlik in fergunning nedich foar de fúzje. Dat hat it NMA, de Nederlandse MededingingsAutoriteit witte litten.

De beide partijen sille de fergunningsoanfraach no sa gau mooglik yntsjinje en ferwachtsje dat de fúzje oer inkele moannen in feit is. De Nederlandse Bank hat al in ferklearring fan gjin beswier ôfjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)