Grutte ferhuzing Súdwesthoeke

30 des 2010 - 08:01

Wa't dizze wike besocht om de gemeentehûzen yn de nije Súdwesthoekegemeente te beljen, krige der in bantsje foar. De gemeentehûzen binne de hiele wike ticht yn ferbân mei in grutte ferhuzing.

Fan de fiif gemeentehûzen yn de Súdwesthoeke bliuwe der noch mar trije iepen, dy fan Snits, Boalsert en Warkum. En dat betsjut dat der aardich wat guod ferhuze wurde moat. Moandei moat elkenien op syn nije wurkplak sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)