Wim Stroetinga sulver op NK

29 des 2010 - 22:31

Wim Stroetinga hat woansdeitejûn by de Nederlânske kampioenskippen op de baan yn Apeldoorn sulver wûn op it ûnderdiel scratch. De titel gong nei Peter Schep dy't trije rûntsjes foar de ein útnaaide en solo oer de streek kaam.

Yn it ferline wie Stroetinga trije kear kampioen fan Nederlân op it ûnderdiel scratch. Ek waard er scratch-wrâldkampioen by de junioaren en Europeesk kampioen by de beloften. Yn 2007 wûn er sulver op it WK senioaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)