Aksje tsjin besunigings

29 des 2010 - 19:58

Besikers fan de bosken fan Steatsboskbehear yn Gaasterlân krije snein in fergees bakje poeiermolke fan de boskwachters. It giet om in lanlike aksje tsjin de besunigings fan it ryk op de natoer. As dy trochgeane krijt Steatsboskbehear fjirtich prosint minder jild. Dan kinne in soad saken net mear dien wurde neffens de natoerorganisaasje.

Op fjouwer plakken yn Fryslân binne aksjes, wêrûnder by de wurkskuorre by Aldemardum yn Gaasterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)